Boargemaster Buma slút drugspân oan Iewâl yn Ljouwert

Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert hat in hûs oan de Iewâl yn de stêd slute litten fanwege drugskriminaliteit. De plysje hie der earder GHB en amfetamine fûn en ek oar guod dat wiist op drugshannel, sa as ferpakkingsmateriaal.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De bewenner fan it hûs hat by de rjochter noch beswier makke tsjin de sluting, mar de rjochter hat boargemaster Buma yn it gelyk steld. It hûs oan de Iewâl moat sadwaande in heal jier ticht.
It is de trijentweintichste kear dit jier dat Buma in pân slút yn ferbân mei in drugsfynst.