Wurkstraf foar ynwenner fan De Harkema foar ynbraak yn Feanwâlden

In 33-jierrige ynwenner fan De Harkema hat 140 oeren wurkstraf krigen foar in ynbraak yn in bedriuwsgebou yn Feanwâlden. Hy waard betrape doe't er op de dei fan de ynbraak op in stellen fyts sjoen waard.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De man út De Harkema wie it gebou fia in ljochtkoepel ynkaam en hie it alarm ûnklear makke. Dêrnei liet er in oade dieder binnen. Se naaiden út mei in muzykynstallaasje, ark, in taekwondopak en in mountainbike. De fertochte út De Harkema ûntkende dat er wat mei de stellerij te krijen hat, mar is deselde deis sjoen op de mountainbike. Ek waard der ark by him thús fûn. "Een beetje erg toevallig", fûn de rjochter.
De oare dieder, in 23-jierrige man út Tynaarlo, krige ek 140 oeren wurkstraf. Boppedat moatte beide manlju in skeafergoeding fan goed sântûzen euro betelje.