LAC Frisia skrast wedstriden fanwegen coronabesmetting

Ljouwerter fuotbalferiening LAC Frisia 1883 hat besletten alle wedstriden dit wykein te skrassen. Reden is in coronabesmetting by de klup.
© eigen foto
Yn meardere alvetallen wiene spilers mei coronaklachten. Yn ôfwachting fan trije coronatests waard al besletten alle wedstriden te skrassen. Letter die ek bliken dat ien fan de tests posityf wie.
"Inmiddels is besloten geen enkel risico te nemen en de onrust die hierdoor binnen de vereniging is ontstaan weg te nemen tot er meer duidelijkheid is", skriuwt de klup op syn webside. Neist de wedstriden gean ek alle trainings- en oare aktiviteiten net troch.