Wetterskip Fryslân undersiket sâneroazje ûnder Waadseedyk

10 sep 2020 - 15:17

Wetterskip Fryslân begjint tongersdei mei in ûndersyk nei sânearoazje ûnder de dyk oan de Fryske Waadseekust. De proef, dy't ûnderdiel is fan it lanlike Hoogwaterbeschermingsprogramma, fynt plak yn de Fiifhústerdyk by Hallum. It is in ûndersyk nei in foarm fan sâneroazje dy't faalmeganisme piping neamd wurdt.

Foto: Daniël Hartog, Wetterskip Fryslân

It ûndersyk, dat in wike duorje sil, moat oantoane wat de sterkte is fan it tijsân oan de Fryske Waadseekust en oft der sâneroazje ûntstean kin. Dat dit ûndersyk útfierd wurdt op in natuerlike ôfsetting, makket it unyk tsjinoer laboratoariumproeven.

Dykferswakking

By it faalmeganisme piping streamt der, troch it ferskil yn wetterstân oan beide kanten fan de dyk, wetter mei sândieltsjes ûnder de dyk troch. Hjirtroch kinne lytse tunnels ûnder de dyk ûntstean dêr't it wetter en de sândieltsjes hieltyd rapper trochhinne spiele kinne. Uteinlik kin dit ta ferswakking of sels it trochbrekken fan de dyk liede.

Ut it ûndersyk moat in rekkenmodel foar diken op tijsân komme, dêr't realistyskere ûntwerpen mei berekkene wurde kinne. It Wetterskip kin op dy wize de diken foar no en yn de takomst fersterkje en besparje op de kosten dêrfan.

Animaasje fan Wetterskip Fryslân oer it prinsipe 'faalmechanisme piping':

(Advertinsje)
(Advertinsje)