De Jong lit opstelling Cambuur yntakt foar duel mei Go Ahead

11 sep 2020 - 16:48

SC Cambuur spilet freed tsjin Go Ahead Eagles mei deselde alve spilers as ferline wike tsjin MVV Maastricht. Trainer Henk de Jong sjocht gjin reden om syn ploech, dy't de earste twa wedstriden fan de kompetysje ienfâldich wûn, te feroarjen.

De saak oangeande de rasistyske saken dy't MVV-supporters ferline wike sein hawwe soene, spilet noch altyd. De Maastrichtse klup liet woansdei witte dat harren ûndersyk útwiisd hat dat der ien supporter wie, dy't wat roppen hat. De KNVB is noch dwaande mei it ûndersyk. Henk de Jong hat dizze wike om tafel sitten mei Issa Kallon, Jarchinio Antonia en Calvin Mac-Intosch. "It rekket dy jonges wol", fertelt De Jong. Kallon woe der sels neat mear oer sizze.

Go Ahead

De grutte fraach is wat Cambuur freed ferwachtsje kin tsjin Go Ahead Eagles. "Dat witte we net", seit De Jong. De ploech út Deventer trainde de hiele wike besletten. Cambuur is op alles taret. "We ha de measte saken betraind, yn ferskate systemen. En dan sjogge we it moarn wol."

De ferwachting is dat der takom wike in oantal spilers weromkomme fan blessueres. David Sambissa, Alex Bangura en Kellian van der Kaap wurde troch De Jong werom ferwachte op de training. Oanfierder Erik Schouten wie der dizze wike alwer by. De ferdigener spile op 1 augustus syn lêste wedstriid yn it giel-blau, dêrnei hold in blessuere oan syn haksine him oan de kant. "Vraag me niet hoe, maar er zat ineens een achillespeesontsteking. Het heeft een paar weekjes geduurd. Ik ben blij dat ik er weer ben en het is lekker dat ik weer op het veld sta", fertelt de oanfierder. Tsjin de Eagles ûntbrekt er noch.

Schouten sil wol syn bêst dwaan moatte om himsels wer yn de basis te spyljen. Sven Nieuwpoort hat him de lêste twa wedstriden goed ferfongen en dêrneist joech Cambuur sawol tsjin NEC as tsjin MVV net in soad kânsen fuort. Schouten: "Het komt niemand aanwaaien, dat geldt voor mij hetzelfde. Dat zien we straks wel weer. Eerst maar fit worden."

Erik Schouten kaam op 1 augustus foar it lêst yn aksje foar SC Cambuur - Foto: Orange Pictures

De wedstriid tusken SC Cambuur en Go Ahead Eagles begjint freedtejûn om 21.00 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. Sportferslachjouwer Andor Faber fersoarget it kommentaar fan it Cambuur Stadion út. Sneon is yn it Cambuur Sjoernaal in wiidweidige gearfetting te sjen fan de wedstriid.

(Advertinsje)
(Advertinsje)