Hieltyd mear minsken kieze foar kommersjele coronatest

Omdat der foarloearst gjin ein liket te kommen oan de drokte by de coronatestlokaasjes, tinke hieltiten mear partijen deroer om kommersjele labs te freegjen foar in coronatest. Yn it Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean sit sa'n kommersjeel lab.
Hieltyd mear minsken kieze foar kommersjele coronatest
It lab sit sûnt begjin july yn skybox 36 en is ûnderdiel fan Het Huisartslab. Dy organisaasje hat 24 lokaasjes yn Nederlân dêr't test wurdt. De haadlokaasje sit yn Baarn yn de provinsje Utrecht. Se wurkje mei Dútske laboratoaria, dêr't gjin wachttiden binne. In test by Het Huisartslab kostet wol 80 euro, mar giet in stik rapper as de reguliere tests fan de GGD.
Minsken dy't har teste litte wolle, kinne ek fuortendaalks telâne yn it stadion. Het Huisartslab garandearret datst fuort test wurde kinst, mar op de útslach moatst wol efkes wachtsje: tusken de 60 en 70 oeren.

Utsjoch op it stadion

Yn de skybox op It Fean wie it tongersdeitemiddei drok: yn de wachtkeamer siet in seistal minsken en op datselde stuit waarden trije minsken test. "Ut de testlokaasje wei hast útsjoch op it stadion", sketst ferslachjouwer Auke Zeldenrust de lokaasje. "Oan de iene kant fan de romte sjochst de bar, oan de oare kant sjochst twa taffeltsjes mei buiskes dêr't de laborant en de ferpleechkundige harren wurk dogge."
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust seach op it coronalab op It Hearrenfean
Foar guon minsken sit der in soad tiidsdruk achter in test. In ôfspraak krije by de GGD en dan wachtsje op de útslach duorret harren te lang. Hieltyd mear skoallen en oare organisaasjes dêr't it personiel net lang fuortbliuwe kin, meitsje gebrûk fan de kommersjele testlokaasjes.
"Bij de GGD heb ik een aantal dagen wachttijd. Vanochtend om 10.00 heb ik me hier ingeschreven en ik kon direct terecht", fertelt in frou yn de wachtkeamer. Sy hat har eigen apoteek en kin net samar lang thús sitte. Se soe har eigen meiwurkers ek advisearje in kommersjele test dwaan te litten.
In oare frou kaam by Het Huisartslab telâne fia har apoteek. "Ast klachten hast, meist net op it wurk komme. Ik ha fan 'e moarn belle en koe fuort telâne", fertelt se.
Direkteur Maarten Cuppen fan it bedriuw U-Diagnostics