ChristenUnie wol aksje foar Moria: "Dy minsken moatte dêr wei"

10 sep 2020 - 13:12

In grut tal lokale en regionale leden fan ChristenUnie wol dat de Twadde Keamerfraksje fan de partij har ynset om flechtlingebern fan it kamp-Moria op it Grykske eilân Lesbos yn Nederlân op te fangen. Binnen de koälysje binne der ôfspraken makke dat se gjin flechtlingebern opfange, mar ChristenUnie-fraksjefoarsitter Douwe Hooijenga yn Tytsjerksteradiel hopet dat dêr feroaring yn komt.

Foto: ANP

Troch brannen yn kamp Moria binne dêr 13.000 minsken dakleas rekke. It kabinet sei al ien miljoen euro oan needhelp ta, mar in tal partijen yn de Keamer fynt dat Nederlân net allinnich jild útlûke moat, mar ek hjir minsken opfange moat. Organisaasjes as Vluchtelingenwerk rôpen earder al op om 500 allinnichsteande minderjierrige flechtlingen út it kamp op ta fangen. In tal Nederlânske gemeenten sei dêrfoar iepen te stean, mar it kabinet wol der net oan.

It is binnen de lanlike koälysje fan VVD, CDA, D66 en ChristenUnie in lestich punt. "It makket it hiel lestich dat je yn de koälysje ôfspraken makke hawwe dêr't je as partij net foar steane", leit Douwe Hooijenga, fraksjefoarsitter fan ChristenUnie Tytsjerksteradiel, út. "As je yn in koälysje sitte, witte je dat je sa no en dan wetter by de wyn dwaan moatte. Dan is dit foar ús partij wol in hiel muoilik punt."

Neat dwaan is neffens Hooijenga no gjin opsje. "Je moatte dy minsken opfange. Hoe't dat dan presys moat, hat gjinien it goede antwurd op. Mar dy minsken moatte der wei. We moatte no ús hert sprekke litte en in diel fan harren opfange", sa seit Hooijenga.

Douwe Hooijenga fan ChristenUnie yn Tytsjerksteradiel

(Advertinsje)
(Advertinsje)