Bioboeren wurde 'oerslein' yn foarstellen dongbelied: "We wurde wer net neamd"

De foarstellen foar nij dongbelied fan minister Schouten fan lânbou binne in stap yn 'e goeie rjochting foar de bioboeren. Dat seit foarsitter Wytze Brandsma fan de Feriening Biologyske Boeren Fryslân. De feriening fynt it spitich dat de ynspannings fan de biologyske boeren net apart neamd wurde yn de plannen.
Bioboeren wurde 'oerslein' yn foarstellen dongbelied
Schouten wol dat de melkfeehâlderij bûn wurdt oan grûn en de stront sels brûkt op it eigen bedriuw of fia gearwurking mei in boer yn de omjouwing. De yntinsive sektor moat de dong by in dongferwurker oanbiede.

Noch in soad ûnwis

"Ik tink dat it in goeie ûntwikkeling is dat der einlik nij belied komme sil", seit Brandsma. Oft de plannen sels goed útpakke sille, is net wis. "It is noch in hiel faach omskreaun plan. De kontoeren binne dúdik, mar hoe komt it der werklik út te sjoen? Watfoar easken en metoades komme der noch efterwei, wy witte noch net hoe't it derút komt te sjen."
Wytze Brandsma © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Dochs ferwachtet Brandsma dat de plannen foar de measte Fryske bioboeren gjin swierichheden opleverje sille. "De melkfeehâlderij sil dêr net folle problemen mei ha. Der is miskien in lyts persintaazje dat wat feroarje moat, mar dat siet der al in tal jierren oan te kommen."

"We wurde wer net neamd"

Brandsma fynt it spitich dat de bioboeren net neamd wurde yn de plannen foar it nije belied. "Wy drage by om de doelen te heljen, mar we wurde no wer net neamd, dat misse wy al. Mei de fosfaatplannen binne wy ek samar oerslein." Brandsma soe dêrom graach sjen dat de ynspannings fan de bioboeren beneamd wurde. "Wy binne ûnderskiedend en wy drage al by, dan mei dat ek wolris in kear beneamd wurde. Dy erkenning misse wy no."
LTO, Farmers Defence Force, de Nederlandse Melkveehouders Vakbond en de Nederlandse Akkerbouw Vakbond seine earder net entûsjast te wêzen oer de plannen fan minister Schouten. "Dit is yn de praktyk absolút net geunstich foar de boeren. Wol komt der folle minder fee en minder boeren. Dit belied hat neat te krijen mei in 'kringloop'-lânbou en makket it ek net ienfâldiger foar boeren. Se makket it de boeren ûnmooglik om te buorkjen", sei Sieta van Keimpema fan Farmers Defence Force.
Ferslachjouwer Gerrit de Boer yn petear mei Wytze Brandsma