Ferskate partijen ynteressearre yn Zalen Schaaf, wethâlder wol in priisfraach

Der binne op syn minst fiif partijen ynteressearre om wat yn Zalen Schaaf yn Ljouwert te ûntwikkeljen. Dat sei wethâlder Hein de Haan woansdeitejûn yn in debat yn de gemeenteried oer de takomst fan Zalen Schaaf. Der wurdt al jierren praat oer wat der no barre moat mei ien fan de âldste teäters fan Nederlân. Op it stuit sit eveneminte-organisator Bobby Veenstra der tydlik yn, oant bekend is hoe't it komt mei it gebou.
© Omrop Fryslan, Jan Durk de Haan
Veenstra en syn partners wolle graach definityf yn Zalen Schaaf bliuwe. Der leit ek in plan. De FNP stelde earder foar om it gebou foar in symboalysk bedrach oan harren te ferkeapjen. Wethâlder De Haan fynt dat gjin goed idee. "Dat is heel opportunistisch. De gemeente heeft al 1,2 miljoen euro afgeschreven. Bovendien heeft niemand heeft hier om gevraagd." Hy fynt it foarriedich om dit no al te sizzen, wylst der in soad belangstelling is. "Als we met al ons vastgoed zo om zouden gaan dan zouden we een heel armlastige gemeente worden."
Jan Willem Tuininga fan de FNP lit witte dat se net op de hichte wiene fan de grutte ynteresse yn Zalen Schaaf. "As we dit wisten, dan hiene we wol wachte om dit te oppenearjen. Fierder is it trouwens hielendal gjin gek idee. It is ek mei de Blokhûspoarte bard, dy is foar 1 euro oan Boei ferkocht."

Priisfraach útskriuwe

De Haan fynt dat alle opsjes iepen holden wurde moatte. Hy is dan ek grut foarstanner fan it útskriuwen fan in priisfraach dêr't eltsenien ideeën yntsjinje kin. Takom wike woansdei moat de gemeenteried beslute oft der in priisfraach komt oer de takomst fan Zalen Schaaf. As dy priisfraach der komt dan rint dy oant 1 desimber, sa seit De Haan. De ferwachting is dat der foar de simmer dan bekend is hoe't it komt mei Zalen Schaaf.
Wethâlder Hein de Haan