Hearrenfean hiert Champions League-winner Batista Meier

Oliver Batista Meier wurdt tongersdei presintearre as nije spiler fan SC Hearrenfean. De Friezen hiere de 19-jierrige Dútske jeugdynternasjonal mei Braziliaanske roots foar ien seizoen fan Champions League-winner Bayern München.
Oliver Batista Meier (links) © Orange Pictures
Batista Meier wurdt yn Dútslân sjoen as in grut talint en makke it ôfrûne seizoen syn minuten foaral by de beloften fan Bayern. Tsjin Fortuna Düsseldorf makke hy oan de ein fan foarich seizoen syn offisjele debút foar der Rekordmeister.

Ferfanger foar Ejuke

Technysk manager Gerry Hamstra socht nei it fuortgean fan Chidera Ejuke nei CSKA Moskou nei in ferfanger foar de Nigeriaanske bûtenspiler. Mei allinnich Mitchell van Bergen en Arjen van der Heide sit Hearrenfean net hiel rom yn de bûtenspilers. Batista Meier is in linkeroanfaller, mar kin ek oan de rjochterkant út de fuotten.
It is de ferwachting dat ferdigener Pawel Bochniewicz tongersdei ek in hantekening sette.
Ferslachjouwer Lars de Leeuw oer Batista Meier