Dûkteam hâldt opnij opromaksje fan MSC Zoe-guod yn Noardsee

10 sep 2020 - 10:28

In dûkteam, besteande út 30 frijwilligers, set moandei 14 septimber útein mei in oprêden fan de Noardsee. Op achttjin ferskillende wrakken sille de betûfte dûkers trettjin dagen lang guod út de konteners fan MSC Zoe opromje. Ek nimme se oar ôffal mei, lykas fisknetten. Se sette mei twa skippen ôf út de haven Lauwerseach.

De MSC Zoe is ien fan de grutste kontenerskippen fan de wrâld. Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris ferlear it hûnderten konteners boppe de Waadeilannen. Mear nijs dêroer is te finen op ús dossierside.

Nei skatting leit der noch 800.000 kilo fermiste lading yn see. As dy net burgen wurdt, falt dy op koarte termyn út elkoar of ferdwynt it yn it miljeu. It dûkteam dûkt op de lokaasjes noardlik fan It Amelân en Skiermûntseach, krekt bûten de farrûte dy't MSC Zoe ôflein hat.

Yn dit gebiet hawwe inkelde frijwilligers ôfrûne july in foarferkenning dien. Der binne 45 lokaasjes scand en dêrby is fêststeld dat der noch hieltyd ferlerne lading leit en in skjinmakaksje nedich is.

Biologyske hotspots

Skipswrakken binne biologyske hotspots yn see. Se fungearje as kreamkeamers en skûlplakken foar in soad bisten. Der libje nei skatting goed 500 ferskillende diersoarten op de wrakken. It ôffal op de seeboaiem sammelet him faak by skipswrakken omdat se boppe de sânboaiem útstekke. It ôffal is dreech te bergjen om't fêstsit en foar in part ûnder it sân ferdwûn is.

Dêrneist binne in soad wrakken oanmurken as histoarysk erfgoed, wêrby't foarsichtich te wurk gien wurde moat. De frijwillige dûkers helje it ôffal foarsichtich mei de hân fuort om de biotoop sa min mooglik te fersteuren en it wrak net fierder te skeinen.

Stichting Duik De Noordzee Schoon

De skjinmakaksje wurdt organisearre troch Stichting Duik De Noordzee Schoon. It dûkteam bestiet neist supportdûkers ûnder maryn biologen, amateurarcheologen, ekologen, fotografen en filmers. Se meitsje skipswrakken feilich foar it ûnderwetterlibben en histoarysk erfgoed, de fersmoarging en it libben yn de Noardsee sichtber foar it grutte publyk.

It team wurket nau gear mei ûndersyksburo's, it bedriuwslibben, universiteiten en de oerheid. De stichting stribbet nei in skjinne en sûne Noardsee dêr't fiskerij, enerzjywinning en rekreaasje duorsum yn harmony binne mei floara en fauna. Se organisearre de ôfrûne tsien jier 14 ekspedysjes mei in grut dûksip. Troch de jildende RIVM-maatregels yn ferbân mei it coronafirus hat de ekspedysje dit jier in oare wize fan útfiering.

Yn septimber foarich jier organisearre Stichting Duik De Noordzee Schoon ek in dûkekspedysje yn de Noardsee. Dêrby waard 2.500 kilo ôffal burgen. Dêrfan is neffens de stichting 500 kilo ôfkomstich fan konteners dy't it skip MSC Zoe begjin dit jier kwytrekke.

(advertinsje)
(advertinsje)