UPDATE: Brân yn Ljouwerter bedriuwsgebou ûnder kontrôle

Der hat tongersdeitemoarn brân west yn in bedriuwsgebou oan de Coopmansstraat yn Ljouwert. It gebou stie fol reek, der wiene gjin minsken mear binnen.
© CAMJO media / Jaring Rispens
Hoe't de brân ûntstean koe, is net dúdlik. It soe te krijen ha mei wurksumheden. Yn it gebou sitte ûnder oare ferskate dokters en in apoteek.
Nei goed in healoere joech de brânwacht it sinjaal 'brân master'.