Anneke Beukers foardroegen as nije foarsitter Noardlike Rekkenkeamer

Anneke Beukers is foardroegen as nije foarsitter fan de Noardlike Rekkenkeamer. Provinsjale Steaten fan Fryslân, Grinslân en Drinte stimme tongersdeitemoarn oer har foardracht. As sy it dermei iens binne, wurdt Beukers foar in perioade fan seis jier beneamd.
It Provinsjehûs fan Fryslân yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Beukers wie jierrenlang lid fan Provinsjale Steaten yn Oerisel en wurke as ynterim-direkteur yn it ûnderwiis en by wolwêzensynstellingen.

Smink ôfwiisd

Ein foarich jier waard Willem Smink al foardroegen as nije foarsitter. Hy waard net beneamd, om't der doe gjin konsensus wie yn 'e Fryske Steaten. Provinsjale Steaten fan Grinslân en Drinte hiene al wol ynstimd mei syn beneaming en dat late ta rebûlje yn de ried fan advys.
De Noardlike Rekkenkeamer docht ûndersyk nei de rjochtmjittigens en doelmjittigens fan it provinsjaal bestjoer yn Noard-Nederlân.