Kollum: "Pimelauto"

10 sep 2020 - 08:54

"Myn strjitte feroare tiisdeitejûn yn in filmset. Der waard in achterfolgingssêne mei auto's opnommen. Ik seach doe't ik nei myn supermerk rûn in pear opfokte eksimplaren stean. Blinkende felgen, platte bantsjes, krekt wat te leech op 'e dyk en, ja, mei fan dy mantsjes deromhinne. Witst wol. Suterige en swarte klean, tatoeaazjes, keale harsens en in kop dy't útstrielet: dizze auto is myn pimel.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Opfallend wie dat doe't de opnamen starten, ik der hast neat fan hearde. Ik tink dat der it ien en oar yn 'e fergunning stiet oer lûdsoerlêst, want de stoere en rappe auto's makken suver gjin lûd. Of miskien fergrieme echt prestearjende auto's gjin enerzjy oan útlitlûd en piipjende bannen. Hoe dan ek, dat is opfallend om't it meastentiids yn it wyld by dit soarte fan pimelauto's foar in belangryk diel om it lûd giet, yn myn eagen (of earen) mear as de prestaasjes.

In lûdsman set yn 'e montaazje piipjende bannen en ronkjend motorlûd ûnder de bylden. Alles yn films is spile. Dat wie foar ús goede saak, want de opnamen giene troch oant in oere as fiif yn 'e nacht, en sa koene myn buorlju en ik dochs in bytsje sliepe. Sterker noch: trochdat de strjitte ôfsetten wie, wie it mooglik sels stiller as it normaal hjir is.

Soms zoom ik in bytsje út, en dizze coronatiid jout dêr prima gelegenheid foar. Wêr binne we no hielendal mei dwaande. Der wie juster oerdei wer in auto hjir yn 'e strjitte dy't op de maks fan syn fermogen opluts. De safolste. Yn myn strjitte kinst twahûndert meter ride, en dan moast ôfremje foar wurksumheden. Dizze auto dus ek. Steunend en kreunend mei fierstente folle toeren kaam it hjir foarby, en moast doe fol yn 'e remmen.

Dit hat in pear cc benzine koste, dat op gien is oan werklik hielendal neat. Miskien twa sekonden tiidwinst, en dan stiest oan de ein fan myn strjitte foar it stopljocht en bist dy sekonden sawiesa wer kwyt. Dizze benzine is omsetten yn waarmte en allinnich waarmte, fia de remmen fan de auto. Why? Even letter stie ik op 'e fyts foar in ferkearsljocht en der stie in motorscooter nêst my. Ik seach it rjochterhantsjes fan de berider skokkerich oan de gashandel fan de motorpimel lûken. De motor stie stil en ronkte lûd. Why? Hjir waard benzine omsetten yn lûd en lûd allinnich. Nimmen hat hjir mear seks troch hân.

De Volkskrant skreau oer in Noarsk ûndersyksburo, dêr't ea it Nederlânske Kemna yn opgien is, dat elk jier in rapport publisearret oer de ûntwikkelingen fan it enerzjygebrûk yn 'e wrâld en de útstjit fan broeikasgas. It liket derop dat dit jier in kearpunt wurdt foar it wrâldwide gebrûk fan fossile brânstoffen. Troch corona is de útstjit fan CO2 dit jier foars minder as de ôfrûne jierren, en dat set ek in trend yn, tinkt it buro. Elk jier sil de fraach nei enerzjy seis oant acht prosint leger lizze dan we foar covid-19 ferwachten, sei de bestjoersfoarsitter.

Dêrmei binne we kwa opwaarmjen fan 'e ierde noch lang net út de brân, mar ik probearje dit dochs as goed nijs te sjen; it is in kearpunt yn it gebrûk fan fossile brânstoffen. Se ferwachtsje dat oer tolve jier al de helte fan alle ferkochte nije auto's elektrysk is. Dus as ik it noch even úthâld, dan sil ik it noch wol meimeitsje dat it geronk, gestjonk en gebonk fan de pimelauto's ferline tiid is. Ja, ik bin in optimist, sels as it oer mannen mei swarte klean en tatoeaazjes giet.

De kâns is grut dat de bern fan ús bern ús der noch op oansprekke sille: pake, hiesto ek sa'n auto mei in 'ferbrâningsmotor'? Hoe klonk dat yn 'e strjitten? Dus elke auto dy't foarby ried hie in útlit? Hoe rûkte dat? Tochten jim der net oer nei dat jim ta oalje fermoarzele dinosaurussen opstookten? En de útlitgassen útsproeiden yn 'e loft dy't jim sels ynazemje? Sei net ien dêr wat fan? Why?

Nee jonge. Want as je wat tsjin de pimelmotors seinen, dan wie de kâns gewoan hiel grut dat je in beuk op je bek krigen. Se tochten dat se yn harren eigen film spilen en diene lûdsmannen nei. Sokke mantsjes hiene lange teannen, as kompensaasje foar hoe't se tochten oer harren pimel. En ja, hast gelyk. Elkenien wist dat. Elkenien."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(advertinsje)
(advertinsje)