Festival Explore the North makket earste nammen bekend

10 sep 2020 - 08:32

Kollumnist Bas Heijne, folksjongeres Lyra Pramuk en Nynke Laverman dy't har nije album presintearret, hearre by de earste nammen dy't yn novimber op it Ljouwerter festival Explore the North steane. It festival sjocht der dit jier oars út as oare jierren. Sa komt de Stadskas op it Aldehoustertsjerkhôf net werom en is it grutste part fan it programma op fjouwer lokaasjes.

Bas Heijne - Foto: ANP

Njonken Heijne, Pramuk en Laverman komme performer Chagall, fanfiction-skriuwster Alma Mathijsen en poëzygroep Poetic Resistance nei de achtste edysje fan it festival, dat holden wurdt fan 20 oant en mei 22 novimber. In grut part fan it programma is yn de Westertsjerke, Zalen Schaaf en de Bonifatiustsjerke.

Westerkas

De festivalorganisaasje freget besikers om yn it foar sels út te kiezen wêr't se hinne wolle, sadat der net te folle minsken tagelyk op itselde plak binne. Yn stee fan de Stadskas, dy't de ôfrûne twa jier op it Aldehoustertsjerkhôf stie, komt der no in Westerkas: it programma fan de Stadskas yn de Westertsjerke.

Liet

Explore the North wurket dit jier foar it earst gear mei Liet. De organisaasje fan it Frysk songfestival wurdt in breder platfoarm foar Fryske muzyk. Liet presintearret op it festival trije duo's dy't nije Fryske muzyk meitsje: Iris Kroes mei Wander Kars, Huub Prins mei Bobby Choco en Zea mei Dina.

(advertinsje)
(advertinsje)