Provinsje moat partijen Drents-Friese Wold om tafel krije

09 sep 2020 - 23:13

Ofsletten paden fol mei kapte beamen: dat wie wat Fryske Steateleden begjin dizze simmer oantroffen yn it Nasjonaal Park Drents-Friese Wold. Behearder Staatsbosbeheer woe sa foarkomme dat kuierders of fytsers der gebrûk fan makken. De aksje soarge foar lilkens by oare partijen dy't ek gebrûk meitsje fan it natuergebiet. De saak is no sa fier eskalearre dat de ferhâldingen op skerp stean.

De Keale Dunen yn it Drents-Friese Wold - Foto: Omrop Fryslân

De steatefraksjes fan FNP, CDA, ChristenUnie, GrienLinks, PvdA, SP en VVD wolle no dat it provinsjebestjoer yngrypt. De kommunikaasje tusken alle partijen moat struktureel ferbettere wurde. Deputearre Douwe Hoogland moat de Steaten dúdlik meitsje hoe't hy it oerlis dêr wer flot lûke wol. Syn belangrykste taak wurdt derfoar te soargjen dat alle organisaasjes en bedriuwen har wer serieus naam fiele. De partijen fine dat der in fêste fertsjintwurdiging fan belanghawwers út de doarpen komme moat, want dy is der no net.

FNP-steatelid Sybren Posthumus begrypt dat yn in natuergebiet somtiden oare prioriteiten binne. "Ja, tink oan bygelyks de foks of de wolf. Dy moatte de romte ha. Of as der bysûndere planten binne dy't beskerme wurde moatte. Mar it kin net sa wêze dat it natuergebiet hast folslein ôfsletten wurdt troch Staatsbosbeheer."

FNP-steatelid Sybren Posthumus

(Advertinsje)
(Advertinsje)