"Effekt sâltwinning op mients kin folle better ûndersocht wurde"

09 sep 2020 - 21:27

Der kin folle better ûndersyk dien wurde nei de gefolgen fan sâltwinning yn de Waadsee foar de mients. De ûndersiken sa't dy no útfierd binne, jouwe kwealik in goed byld fan wêr't de fûgels har ophâlde. Dat stelt ûndersiker Allert Bijleveld fan it NIOZ, it Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee.

Foto: Hans Hillewaert, wikipedia

It giet dan benammen om de aktiviteiten fan de mients op de Ballastplaat, in belangryk foerazjeargebiet foar de fûgel, mar ek de lokaasje fan de sâltwinning. Fûgelûndersikers binne benaud dat troch de sâltwinning de plaat fersakket en dat kin grutte gefolgen ha foar de mients.

Foardat der sâlt wûn wurde mei, ha der tal fan ûndersiken west. Ek nei de foerazjeargebieten fan de kanoet. De ferwachting is dat der net in soad feroarje sil. De boaiemdelgong troch de sâltwinning soe kompensearre wurde troch sedimintaasje, it sinken fan materialen nei de seeboaiem. De Waadferiening hat lykwols grutte soargen, sa waard earder dizze wike dúdlik. De feriening tinkt dat de boaiemdelgong mooglik grutter wurdt as ferwachte.

Technology brûke

Om no goed by te hâlden wat der krekt bart mei de mients trunet ûndersiker Bijleveld oan op it gebrûk meitsjen fan technology. Sa ha guon mientsen in stjoerder en is goed te sjen wêr't se ite. Sa witte je hiel krekt wêr't de fûgels binne en ek wat de konsekwinsjes binne fan de sâltwinning foar it foerazjeargebiet. Boppedat, seit Bijleveld, lizze de kosten leech om't de systemen al bestean.

(advertinsje)
(advertinsje)