Tet Rozendal skriuwt nij teäterstik: "Ik hie net tocht dat ik dit oait wer kinne soe"

09 sep 2020 - 21:06

Se tocht dat it noait mear wat wurde soe, mar aktrise Tet Rozendal hat wer in teäterstik skreaun. Goed twa jier neidat dúdlik waard dat har probleem grutter wie as allinne in harsenskodding. Sels stiet Rozendal noch net op de planken. Dat is noch te swier, seit se.

Ein 2017 kaam Rozendal te fallen troch glêdens. Se rûn in harsenskodding op en letter die bliken dat it om in harsentrauma gong. Twa jier lang koe se eins neat, op bêd lizze wie hast al te swier.

De situaasje wie sa slim, dat se tocht dat se it teäter foargoed farwol sizze moast. "Ik ha fan alles mar betocht wat ik dan wurde moast. Hûsskilder. Of coach. Wat ik op dat momint mar koe. Mar it toaniel is myn grutte leafde."

"Ik woe wat diele"

Rozendal hat hast 2,5 jier stilstien, seit se. "No yn de coronatiid sjogge je dat in protte minsken dêr mei sitte. Dat it lestich is, as je wat net kinne en je wol graach wolle. Dêr woe ik wat mei. Ik woe wat diele, dat ik yn myn eigen proses ûntdutsen hie, wat helpt yn sokke situaasjes."

It stik dat se skreaun hat, hjit 'Ferlies yn Lockdown' en is bedoeld foar akteur Joop Wittermans. De premjêre is healweis novimber. "Ik hie net tocht dat ik dit oait wer kinne soe", seit Rozendal. "Dêr bin ik hiel tankber foar. Dat sjoch ik as in segen."

Harm Weistra prate mei Tet Rozendal yn Weistra op Wei. Se leit ek út wêrom't se in sinnebril op hat.

(advertinsje)
(advertinsje)