Delstoarte helikopter dêr't Ljouwerter mei omkommen is, burgen by Aruba

De helikopter fan Definsje dêr't piloate Christine Martens fan Ljouwert mei ferûngelokke by Aruba, is burgen. It tastel is de ôfrûne dagen yn twa parten boppe wetter helle.
In NH90-helikopter (fan de Dútske marine) op argyfbyld © ANP
De sturt en de romp fan de legerhelikopter binne dizze woansdei oankommen yn de haven fan Kurasao en sille mei in skip nei Nederlân ta fearn wurde. Dêr sil de Ynspeksje fierder ûndersyk dwaan nei de oarsaak fan it ûngelok.
Ut in earste ûndersyk kaam nei foaren ta dat de crash nei alle gedachten net feroarsake is troch in technysk of meganysk mankemint. Njonken Christine Martens kaam by it ûngelok noch in bemanningslid om it libben. Twa oaren oerlibben it.