Soad reekûntwikkeling by brân yn skuorre Wynjewâld
By in fûle brân oan de Merkebuorren yn Wynjewâld is in skuorre útbaarnd. Yn it gebou stie in trekker en lei in soad hea opslein. Der binne gjin minsken ferwûne rekke en der sieten gjin bisten yn de skuorre.
De brân soarge foar in soad reekûntwikkeling. De brânwacht hat mei in NL-alert omwenners oproppen ruten en doarren ticht te hâlden. Om healwei achten hinne hie de brânwacht it fjoer ûnder kontrôle. Der is in kraan ynset om it hea útinoar te lûken, sadat it fjoer makliker útmakke wurde kin.
It neiblussen kin noch wol oeren duorje, seit in wurdfierder fan de brânwacht.