Noarske klup lit Sherida Spitse net mei Oranje fuotbalje yn Ruslân

Fuotbalster Sherida Spitse docht definityf net mei oan de EK-kwalifikaasjewedstriid tsjin Ruslân takom wike yn Moskou, sa meldt de KNVB. Bûnscoach Sarina Wiegman kin gjin berop op Spitse dwaan, omdat de 30-jierrige Friezinne net frijjûn wurdt troch har Noarske klup Vålerenga IF.
Sherida Spitse © www.orangepictures.nl
Noarwegen ken gjin frijstelling fan karantêne foar sporters dy't weromkomme út Ruslân. Hjirtroch soe de 178-fâldich international dan tsien dagen ferplichte yn karantêne moatte. Fanwege it coronafirus meie klups útnûgingen foar harren spilers wegerje.
Op Twitter skriuwt Spitse: "Echt balen dat ik er in Rusland niet bij kan zijn. Het is niet anders. Heel veel succes meiden, ik support jullie op afstand en we zien elkaar daarna in Zeist!"
Sisca Folkertsma giet wol mei nei Moskou. Spitse slút nei de ynterlân yn Ruslân oan by Oranje foar it twadde diel fan in trainingsstaazje yn Zeist.