Warkum krijt nije tsjerkeklok nei mear as trije iuwen

09 sep 2020 - 17:59

Nei 330 jier krijt Warkum in tredde klok yn de tsjerketoer fan de Gertrudis oan de Merk. De klok is ôfrûne freed getten yn Dútslân en hat in gewicht fan sa'n 1300 kilo. Yn oktober komt er nei Fryslân.

Foto: Jaap Pompstra

Yn de klokkestoel fan de tsjerketoer hongen al twa klokken, mar der wie romte foar trije. Neffens foarsitter Hans Boekhoven fan de Stichting tot behoud van monumenten in de gemeente Súdwest-Fryslân is it in riedsel wêrom't de tredde klok der nea kaam is. "We hebben het laten onderzoeken. Waarom die derde klok niet opgehangen en gemaakt is, is eigenlijk nog een beetje onduidelijk. Er komt ook weleens het verhaal naar voren dat er destijds geldgebrek is geweest om die derde klok te maken."

De klokkestoel is yn 2018 is restaurearre en geskikt makke om it totale gewicht fan de trije klokken drage te kinnen. "Er hangt dan ongeveer voor 5000-6000 kilo in de klokkenstoel", seit Boekhoven dy't ek âld-boargemaster is fan de eardere gemeente Nijefurd, dêr't Warkum ûnder foel.

Yn de klok is mei haadletters de folgjende tekst set:

GEARTRUI IS MYN NAMME.
AS IK DE OAREN FOLGJE,
JOU IK DE HEECHSTE KLANK.
HEAR ÚS OAN BY FEEST EN TANK.

IK BIN GETTEN FOAR DE STÊD WARKUM,
TROCH RINCKER ÚT SINN,
YN IT LÂN FAN NASSAU. MMXX

De stichting hat fan ferskate kanten jildbydragen krigen om de tredde klok te bekostigjen en dêr is Boekhoven tige wiis mei. "Dat is wonderbaarlijk goed gegaan. Het is een klok die ongeveer 1.60 meter hoog is en een diameter van anderhalve meter heeft. Dan praat je dus over 50.000 euro."

Op 26 oktober wurdt de klok fan Dútslân nei Warkum brocht. Boekhoven ferwachtet dat om ein oktober hinne elk genietsje kin fan it lûd fan de tredde klok. "Ik weet dat de bevolking van Workum hier heel blij mee is."

Hans Boekhoven oer de nije klok foar Warkum

Trefwurden: 
Warkum klok tsjerke Gertrudis
(Advertinsje)
(Advertinsje)