Kampanje wiist winkeljend publyk yn Ljouwert op coronamaatregels

09 sep 2020 - 16:39

Yn de Ljouwerter binnenstêd binne tenei nije banners en posters fan de coronakampanje te sjen. De regels oer it hâlden fan ôfstân wurde troch dizze banners en posters nochris dúdlik makke oan it winkeljend publyk. De banners binne yn de iepenbiere romte en yn de winkels te sjen.

Foto: Omrop Fryslân, Ben de Jager

Boargemaster Buma wie by de lansearring fan de kampanje oanwêzich. "It is wer drokker yn Ljouwert en meastentiids giet it goed mei de oardelmeter, mar we moatte der wol omtinken bliuwe en dêrom is dizze nije kampanje der no."

Minsken yn de hoareka en yn de winkels kinne har wurk dwaan as besikers har hâlde oan de jildende regels en drokke plakken mije. "Mei elkoar moatte we de stêd libben hâlde, mar corona is in bedriging foar ús allegear. Dus we moatte der goed omtinke."

Boargemaster Sybrand Buma

Foto: Omrop Fryslân, Ben de Jager

Buma hat noed oer de feestjes thús. "Jongeren tinke dat se gjin corona krije kinne, mar se moatte net mei mear as seis minsken by elkoar sitte."

Oer de drokte by de GGD kin Buma sizze dat der wurke wurdt oan mear kapasiteit. "En minsken moatte har inkeld teste litte by klachten."

Ek yn Stiens en Grou

Op koarte termyn komme de posters ek yn it winkelhert fan Stiens en Grou te hingjen en komt der in kampanje dy't rjochte is op de hoareka.

Feilich winkelje

"We wolle berikke dat minsken har goed bewust bliuwe fan it belang fan ôfstân," seit Hayo Galema, binnenstêdmanager. "We hite de minsken graach wolkom, it wie ek drok, ek mei toeristen, mar je kinne feilich winkelje, as je mar ôfstân hâlde."

Hy hat geregeld oerlis mei de hoareka. "Wat no spilet, is dat saken ekstra terrasromte hâlde wolle, ek yn de hjerst. Dus we binne nije saken oan it te betinken lykas terrasoerkapingen, sadat se ek by min waar gasten hâlde kinne. Net elke saak hat binnendoar genôch romte."

Hayo Galema, binnenstêdmanager

(Advertinsje)
(Advertinsje)