Ynwenners Hylpen ha harren nocht fan rekreatyf gebrûk twadde wenten

De gemeenteried fan Súdwest-Fryslân hat tiisdei praat oer it rekreatyf gebrûk fan huzen en twadde wenten yn Hylpen. Sûnt 2005 jildt der yn de âlde kearn fan de stêd in ferbod op it ferhieren fan wenten oan toeristen, mar de gemeente knypt in eachje ta. Ynwenners fan Hylpen hawwe dêr skjin harren nocht fan.
De Grutte Tsjerke fan Hylpen © Omrop Fryslân, Sian Wierda
It mieningsferskil oer de fakânsjehûskes ferdielt Hylpen al jierren. Eins is it ferbean om in hûs yn it stedsje as rekreaasjewenning te brûken, mar de gemeente lit it ta. In soad wenten wurde allinnich op bepaalde mominten yn it jier bewenne of ferhierd oan toeristen. Guon ynwenners sizze eltse wike oare buorlju te hawwen en hawwe der skjin harren nocht fan.

Wol of net hanthavenje

Oaren dogge it al jierren sa en sjogge it probleem net. It soe goed wêze foar it toerisme. It gemeentebestjoer wol no ûndersykje oft it net mooglik is om dochs ta te stean dat wenningen rekreatyf brûkt wurde. En salang't dêr noch gjin beslút oer naam is, soe der net hanthavene wurde moatte, sizze boargemaster en wethâlders.
"Je moatte sawiesa hanthavenje, mar it is hiel lestich te kontrolearjen oft minsken har wenning rekreatyf ferhiere", leit PvdA-riedslid Habtamu de Hoop út. Dat in soad ynwenners fan Hylpen tsjin it rekreatyf ferhieren fan wenten binne, die wol bliken op de algemiene ledegearkomste. "Dêr hat de stêd him manmachtich útsprutsen tsjin it gebrûk fan twadde wenten. 142 minsken wiene tsjin en 8 foar."

Meiprofitearje

Wat ek meispilet, is dat Hylpen in beskerme stedsgesicht hat, dêr't de gemeente in soad jild yn ynvestearre hat. "Ik begryp dat minsken dêr kommersjeel fan meiprofitearje wolle, mar as de gemeente dizze kant op giet, liket dat my net goed." Om hoefolle huzen it krekt giet, is lestich fêst te stellen. "Der binne hanthaveningsfersiken yntsjinne foar 42 wenningen. Op in stêd mei sa'n 800 ynwenners is dat in soad, foaral as it allinnich om it sintrum giet."

"Wêr haldt dit op?"

Neffens De Hoop soe in wenplicht de oplossing wêze kinne, lykas meardere gemeenten yn Nederlân al tapasse. Ek it hanthavenjen soe op in oare manier barre moatte, yn plak fan it no tastean. "Wêr hâldt dit op?", sa seit De Hoop.
PvdA-riedslid Habtamu de Hoop