Soarchmeiwurkers krije virtual reality-training as tarieding op corona-útbraak

In firtuele training moat de Fryske soarchmeiwurkers better tariede op in eventuele twadde coronaweach. Yn de firtuele omjouwing leare se ûnder oare om te gean mei in útbraak fan corona yn in fersoargingshûs en yn in thússoarchsitewaasje. Foar de training krije de meiwurkers in Virtual Reality-bril op om de trainingssitewaasje sa echt mooglik te meitsjen.
Soarchmeiwurkers krije virtual reality-training
Mei help fan dy VR-bril komme de kursisten yn in fersoargingshûs dêr't krekt corona útbrutsen is by in pasjint. By it programma docht bliken dat der mear bewenners binne mei klachten. Yn de training moatte se kieze hoe't se de pasjinten behannelje moatte, mar ek watfoar oare maatregels oft se nimme moatte.
Ek komt der bygelyks famylje del dy't nei binnen wol, mar dat net mei. Ek dêr moatte de kursisten mei omgean kinne.
Neffens projektlieder Clary Bangma wurdt sa in realistysk byld sketst fan wat je allegear tsjinkomme by in corona-útbraak. "Het is echt een totaalpakket van hoe je om moet gaan met hygiënemaatregelen, afscherming van de buitenwereld, behandelmethodes en alles wat er verder nog bij komt kijken."
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

"Het lijkt echt heel echt"

Doel is om sa de meiwurkers yn de soarch, dy't lang net allegear al mei corona te krijen hân ha, der dochs op ta te rieden. En de VR-bril moat it sa realistysk mooglik meitsje. Ferpleechkundige Reina Peters is ûnder de yndruk. "Het lijkt echt heel echt. Je voelt de druk om de goeie beslissingen te nemen. Het enige verschil is natuurlijk dat je in een echte situatie niet alleen maar vragen hoeft te beantwoorden, maar echt moet handelen."
Neist it programma mei de VR-bril krije de kursisten ek echt les yn hoe't se bygelyks omgean moatte mei beskermjende klean en mei it ynrjochtsjen fan in karantêne-ôfdieling.
De training duorret twa dagen en is yn earste ynstânsje opset foar Fryske soarchprofesjonals, mar der is no ek al belangstelling fan bûten de provinsje. Sa soe ek de GGD yn Brabân de training oernimme wolle.
Screenshot út de training © Expertiseteam Corona Fryslân
Ferslachjouwer Wytse Vellinga wie by de training