Chantal Janzen oan it wurk by Caparis; "Hiel moai om har yn it echt te sjen"

Njoggen moanne neidat presintatrise Chantal Janzen foar har programma yn Ljouwert wie, wie no dan lang om let de premjêre foar de meiwurkers fan Caparis. Mei it programma 'Chantal komt werken' binne flak foardat de coronakrisis útbruts opnames makke by de sosjale wurkfoarsjenning.
© Omrop Fryslân, Ben de Jager
Meiwurker Raymond fan Caparis hie Chantal útnûge om ris del te kommen by de sosjale wurkfoarsjenning yn Ljouwert. Dat it úteinliks sa fier kaam, wie foar de haadrolspiler sels ek tige spannend. Hy fûn alles moai oan de dei fan de opname. "Ze kwam eerst bij mij thuis, hebben we ontbeten, en toen heb ik haar van van alles laten zien op het werk."
Se wie der al om healwei sânen moarns. "De opnamen begonnen om half acht en duurden tot vier uur. Een paar keer moesten dingen overnieuw."

BN-er

Goed in miljoen minsken sjogge nei it programma, Raymond koe wolris in 'Bekende Nederlanner' wurde. "Ik heb nou al het gevoel dat ze me nakijken, dat ze me kennen van Videoland."
Raymond
© Omrop Fryslân, Ben de Jager
Ek meiwurker Yvonne fan Caparis wie hiel bliid dat se de ôflevering lang om let sjen koe. "It is wol hiel raar om dysels wer werom te sjen, mar ik bin wol tefreden dat ik myn ferhaal dien ha."
Se woe graach mei Chantal op de foto en dat is slagge. "Om har yn it echt te sjen, wie hiel moai. Tafallich wie ik de dei fan de opname oan it wurk, dus dat wie wol hiel moai."
Yvonne
Lokaasjemanager Christian Kieviet fan Caparis
De útstjoering is tongersdeitejûn te sjen by RTL4 om 20.30 oere.