Keatsnammen foar nije strjitten yn Snitser wenwyk

09 sep 2020 - 14:55

Fjouwer nijboustrjitten yn de Snitser wyk Lemmerweg-West krije Nederlânsktalige keatsnammen tabedield. De nije bewenners wenje dêr aansten oan De Opslag, Het Eerst, De Krans en de Spelstraat.

Foto: Henk Bootsma

De nijbou makket ûnderdiel út fan it plan Het Perk. Op it terrein njonken de rûnwei stie yn it ferline de âlde MTS, dy't no sloopt is. Der komme yn totaal 138 nije wenningen en apparteminten.

De nije strjitnammen slute oan by in tal oare nammen yn de wyk, dy't nei de keatssport ferwize: Kaatsland, Partuurstraat, Bovenslag, Voorlijn en Boetsstraat.

Trefwurden: 
keatsen Snits nijbou
(Advertinsje)
(Advertinsje)