UPDATE: Treinen tusken Warkum en Starum ride wer

09 sep 2020 - 15:36

Der ride wer treinen tusken Warkum en Starum. Der wie in seinsteuring dy't feroarsake waard troch in stroomsteuring. It probleem is yntusken ferholpen. De stroomsteuring trof sa'n 40 strjitten yn Hylpen en Warkum. Ek Balk waard in skoftke troffen. Ferfierder Arriva sette bussen yn.

Foto: Wikimedia Commons
(Advertinsje)
(Advertinsje)