Hit 'Video Vixen' fan Ljouwerter producer Moker_B krijt gouden plaat

09 sep 2020 - 14:22

De 29-jierrige producer Mohamed Baluah fan Ljouwert, bekend ûnder de artystenamme Moker_B, giet lekker. Syn hitsingle Video Vixen, dy't er makke mei Nederlânske artysten Bilal Wahib en Bizzey, is yntusken 17 miljoen kear streamd, hat in gouden plaat krigen en is nominearre foar in FunX Music Award yn de kategory best song.

Mohamed Baluah mei syn gouden plaat - Foto: Instagram Moker_B

Baluah is bliid mei syn sukses, mar bliuwt der foarearst rêstich ûnder. "Ik ben vooral dankbaar. Het voelt goed!" Hy is lykwols net in ûnbekende yn de muzykwrâld. Yn 2017 skoarde hy ek al in gouden plaat, mei Ljouwerter rapper Rollàn. "Maar dit is wel mijn eerste nationale succes. Het is toen in ieder geval niet zo hard gegaan als het nu gaat."

Yn totaal is Video Vixen dus al 17 miljoen kear streamd. "Het gaat om 90.000 tot 150.000 luisteraars per dag. Ik stel altijd dromen en doelen, maar zelfs dit had ik niet verwacht!", fertelt Baluah.

"Hard werken"

Mar wat makket dizze track dan sa suksesfol? "Het is gewoon hard werken. Je moet gemotiveerd blijven en in jezelf geloven." It bart net samar dat in beat sa oanslacht, leit de Ljouwerter út. "Dan komt er ineens een ingeving op een zondagmiddag. Dan maak je zo'n beat en die connect dan net met de artiest, in dit geval Bilal en Bizzey."

No krijt in producer net like folle oandacht as de artysten dy't it nûmer útfiere, mar Moker_B syn namme sjongt no yn elts gefal rûn yn de muzykyndustry. "Het is hoe dan ook een vooruitgang qua branding. Dit is zeker niet het laatste wat jullie van mij gaan horen!"

Beharkje hjir it ynterview mei Mohamed Baluah a.ka. Moker_B

(advertinsje)
(advertinsje)