Gemeente stjoert doarwarder nei MSV Prikkedam yn Makkingea

09 sep 2020 - 14:09

De gemeente Eaststellingwerf skeakelet in doarwarder yn om dochs noch it jild te garjen dat motorsportferiening Prikkedam yn Makkingea oan twangsommen betelje moat. Dat kin neffens wethâlder Marcel Bos yn de praktyk betsjutte dat der beslach lein wurdt.

Kompetysje DMX-Noord 8 o/m 12 jier - Foto: Ronnie Porte

It tal twangbefellen en twangsommen nei it fêststellen fan it oer de lûdsnoarmen hinnegean steapelet him hieltyd fierder op. De earste lêst ûnder twangsom waard op 8 novimber 2016 oplein. De lûdsfoarskriften wiene neffens de gemeente doe ferskate kearen oertrêde.

Foar eltse kear dat in oertrêding fan de lûdsnoarmen konstatearre waard, moast de motorsportferiening 2.000 euro betelje. Dat is dêrnei fiif kear bard. Dat wie ek it maksimum dat ûnder dy earste proseduere mooglik wie. De feriening hat dizze 10.000 euro betelle, hjirfoar wiene wol twa twangbefellen nedich.

Nije mjittingen

Nei it beteljen fan dizze fiif twangsommen wie it lûdsprobleem noch net fuort. Nei nije mjittingen yn maaie 2019 waard in twadde lêst ûnder twangsom oplein. Hjir binne ek al fjouwer twangsommen foar oplein, it giet no om 4.000 euro foar eltse twangsom. De earste twa twangsommen binne net betelle, hjir folget no ek in twangbefel op. Twangsommen acht en njoggen binne ek noch net betelle, mar dy proseduere is noch net sa fier dat hjir in twangbefel foar útfeardige wurde kin. Yn totaal giet it foar de feriening om 26.000 euro yn boetes.

Foar MSV wie de druk heech dizze simmer, op 2 july setten se op Facebook dat der fjouwer wiken gjin frije training plakhawwe koe, om't se net it risiko op nóch mear twangsommen nimme koenen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)