Boeren net entûsjast oer dongplan fan minister Schouten

09 sep 2020 - 13:07

Minister Schouten fan Lânbou wol in maklikere wize om dong te ferwurkjen. Wat de minister oanbelanget kinne boeren aanst út twa manieren kieze: dong útride op eigen lân, of alle dong nei in dongferwurker bringe.

Wat hâldt it plan no krekt yn?

Minister Schouten wol stimulearje dat boeren yn 'e takomst safolle mooglik 'grondgebonden' wurkje. Dat betsjut dat boeren net mear kij hawwe meie en net mear stront produsearje meie as harren eigen lân oan kin. Sokke boeren en sokke boerebedriuwen hawwe we ek yn Fryslân.

Mar der binne ek aardich wat bedriuwen dy't krekt net genôch grûn hawwe. Neffens it foarstel fan de minister soene dy likegoed alle stront ôffiere moatte. Dat is apart, want stront is foar boeren ek in nuttige grûnstof dy't se sels goed brûke en der binne ek in soad boeren dy't de stront dy't se sels oer hawwe wol kwyt kinne by in kollega.

Reaksjes út de boerewrâld

De boere-organisaasjes binne oant no ta net entûsjast. It foarstel fan de minister hat dan mooglik de 'charme fan de eenvoud', sa't se sels seit, mar slút neffens de boere-organisaasjes net goed oan by de boerepraktyk. Der wurdt op ferskate plakken yn Nederlân - lykas ek op de Dairy Campus yn Ljouwert - eksperimintearre mei alternative oplossings om wat oan dat ammoniakprobleem te dwaan.

It foarstel rekket ek de autonomy fan de boeren. Feehâlders en ek oare boeren hâlde graach wat frijheid by it buorkjen. Se hawwe ek wat fleksibiliteit nedich, want je witte bygelyks noait yn 't foar wat it waar docht, om in belangrike faktor te neamen.

"Enoarm soad ferfiersbewegings"

Farmers Defence Force is tige kritysk oer it foarstel fan minister Schouten. Bestjoerslid en wurdfierder Sieta van Keimpema foarsjocht grutte problemen as dit dongfoarstel echt trochgiet: "As je net 'grondgebonden' binne, moatte je al je dong ôffiere. Dat binne in enoarm soad ferfiersbewegings en ûnnedige bewurkings. Dy stront kin sa ek op it lân."

Minister Schouten seit ta dit plan kaam te wêzen yn oerlis mei de boere-organisaasjes. It grutste part dêrfan seit lykwols fan neat te witten. "Dit is yn de praktyk absolút net geunstich foar de boeren. Wol komt der folle minder fee en minder boeren. Dit belied hat neat te krijen mei in 'kringloop'-lânbou en makket it ek net ienfâldiger foar boeren. Se makket it de boeren ûnmooglik om te buorkjen."

Foto: Omrop Fryslân

Sieta van Keimpema fan Farmers Defence Force

"Eigen ferantwurdlikens mist"

Ek de LTO is noch net entûsjast. Neffens de lânbou-organisaasje mist de eigen ferantwurdlikheid fan de sektor. It soe allinne mar mear regels en burokrasy opsmite. De organisaasje seit sels ek oplossingen oandroegen te hawwen, mar dy net werom te sjen yn de brief.

It Nederlandse Melkveehouders Vakbond is ek net te sprekken oer de plannen. "De dong dy't by 'niet-grondgebonden' feehâlders wei komt, wurdt foar in grut part ôfset yn de lânbou. Yn dy dong sitte in protte organyske stoffen, dy't goed binne foar de lânbougrûn. As dy dong earst ferwurke wurdt, giet in part fan dy stoffen ferlern", leit Harm Wiegersma fan it fakbûn út. "De lânbou sil hjir dus it grutste slachtoffer fan wurde."

Harm Wiegersma fan it Nederlandse Melkveehouders Vakbond

Bouboeren meitsje graach gebrûk fan de dong dy't feehâlders oerhâlde, om de gewaaksen groeie te litten. As bedriuwen alles ôffiere en ferwurkje moatte, giet dat in stik dreger, neffens de bouboeren.

Teun de Jong, foarsitter Nederlandse Akkerbouw Vakbond en bouboer yn Sint-Anne 

(advertinsje)
(advertinsje)