Lange wachttiid by coronatesten: dosinten soene foarrang krije moatte

Dosinten moatte, lykas meiwurkers yn de soarch, foarrang krije by in coronatest. Dat fynt bestjoerder Hans Wildeboer fan it Bornego College op It Hearrenfean. Neffens him duorret de oanfraach en de útslach fan in test fierstente te lang. Der falle tefolle lessen út yn it roaster.
Lange wachttiid by coronatesten
Op alle skoallen binne de soargen grut. Mei de fertraging by it testen binne dosinten in wike net beskikber.
"Het is momenteel een uitdaging om het onderwijs door te laten gaan", seit Hans Wildeboer fan it Bornego College. "Een docent die niet fit is, moet wachten op de testafspraak en dan ook nog eens wachten op de uitslag, daar gaat zo een week over heen waarin je dus geen onderwijs kunt geven. We proberen dat te ondervangen, door bijvoorbeeld de docent thuis les te laten geven en dat een onderwijsassistent in de klas is." Ek oare dosinten fange de tekoarten wol op. "Maar dat is eindig."

Kommersjele oanbieder

Hy pleitet dêrom om dosinten foarrang te jaan by it testen. "Zodat een docent maar maximaal twee dagen afwezig is." As dat net bart, wurdt sjoen nei alternativen lykas in kommersjele oanbieder fan testen. "Dat is een noodgreep, maar als we moeten kiezen tussen een week afwezigheid of twee dagen en daar 100 euro voor te betalen, dan slaat de balans wel naar de commerciële variant, daar wordt nu over gesproken."
Hy hat ek noed oer de hjerst, as it waar omslacht en mear minsken ferkâlden binne.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Hans Wildeboer
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust