Nije feartsjinst Flylân-Skylge: learlingen hoege no net nei de fêste wâl foar ûnderwiis

09 sep 2020 - 10:37

Trije Flylanner pubers gean dit jier nei skoalle op Skylge. De jongeren dogge in kaderberopsoplieding op it vmbo, in oplieding dy't net op Flylân jûn wurdt, mar wol op Skylge. De trije wurde mei in waadtaksy oerset en kinne sadwaande thús wenjen bliuwe. It giet earst om in pilot fan twa jier.

Foto: Google Streetview

De trije learlingen dogge de oplieding diensten en produkten, in praktykoplieding dêr't de Jutter, de Flylanner skoalle foar fuortset ûnderwiis, gjin lisinsje foar hat. De earste twa jier fan dizze oplieding kin op Flylân folge wurde, dêrnei moatte de learlingen nei de fêste wâl.

Dat is in enoarme oergong foar dizze jonge learlingen, se binne dan faak noch mar 14 jier. In oplieding oan de fêste wâl betsjut dat se út hûs moatte. Boppedat binne de skoallen op de fêste wâl folle grutter as op de eilannen.

Strukturele ferbining

Novimber ferline jier krige direkteur/bestjoerder Janny Dokter fan 't Skylger Jouw de fraach oft it mooglik wie om Flylanner bern op har skoalle les te jaan. "We zeiden dat we het eigenlijk veel breder zouden moeten aanpakken, zodat niet alleen leerlingen, maar ook werkers op de eilanden, zoals ondernemers, zorgverleners, Rijkswaterstaat, Staatsbosbeheer gebruik kunnen maken van een structurele veerdienst tussen Vlieland en Terschelling."

De learlingen binne 17 augustus begûn, doe sieten se mei har trijen op de boat. "Inmiddels gaan er ook leerlingen van de basisschool mee die een plusklas volgen. In de komende maanden zullen er ongetwijfeld meer mensen gebruik van maken." Dêrfoar sil noch mear publisiteit makke wurde. It ferfier bart mei in Waddentaxi foar 12 persoanen. "Mocht blijken dat er meer mensen mee wille, kijken we naar een grotere boot."

Leefberheid

Neffens Dokter wie no de tiid ryp foar sa'n gearwurking. "We hebben elkaar als eilanden nodig, ook om de leefbaarheid zo goed mogelijk te houden."

Janny Dokter

(Advertinsje)
(Advertinsje)