Bern dogge mei oan earste Smellingerlânsk Kampioenskip Stoeprânjen

09 sep 2020 - 10:27

Yn Drachten wurdt woansdeitemiddei it allerearste Smellingerlânsk Kampioenskip Stoeprânjen holden. Dat bart op it Raadhuisplein yn Drachten, organisearre troch Sportbedrijf Drachten. As City of Sports set Smellingerlân yn 2020 it sporten yn de skynwerper, en mei dit kampioenskip wol de gemeente bûtenboartsjen stimulearje.

Foto: Sportbedrijf Drachten

Stoeprânje, wat wie dat ek alwer? It is in spultsje wêrby'tst in bal tsjin de stoeprâne oan de oare kant fan 'e strjitte mikke moatst. De kampioenskipsfoarm yn Drachten set woansdei útein.

Neffens Berber Swart, buertsportcoach by Sportbedrijf Drachten, dogge bern it spul hjoed-de-dei hieltyd minder. "Wy wolle harren wer yn kontakt bringe mei it spultsje, sadat se it ek wer dwaan sille. Wy besykje hjirmei ek it bûtenboartsjen te stimulearjen."

Om safolle mooglik minsken meidwaan kinne te litten, wurde woansdeitemiddei mobile stoeprânen brûkt, sadat dêr yn elts gefal gjin gebrek oan spylfjilden is. Dy kinne bern ek bestelle sa't se it spul sels ek oeral spylje kinne. "Dizze stoeprânen kinst optille en meinimme. Dan kinst bygelyks ek op in gersfjildsje stoeprânje."

Foar jong en âld

Hoewol't stoeprânjen meastentiids troch bern dien wurdt, kin elts oan it kampioenskip meidwaan. Swart: "Der binne no 40 oanmeldings, foaral jonge bern mar ek in stik as wat âlderen. Elts kin meidwaan, hoechst ek net yn Smellingerlân te wenjen."

Neist it kampioenskip, dat heve sil fan 15.00 oant 17.00 oere, is der op it Raadshuisplein ek in sûne húskeamer dêr't minsken in leefstyltsjek dwaan kinne.

Berber Swart

(Advertinsje)
(Advertinsje)