Sint Nicolaas Centrale Friesland sjocht feroaring: dit jier mear 'roetveeg'-piten

Der liket in feroaring te kommen yn de kleur fan de Piten dy't dit jier yn Fryslân te sjen binne by de sinteklazefeesten. De Sint Nicolaas Centrale Friesland, dat yn hiel Noard-Nederlân piten leveret by de feesten, seit dat de swarte piten faker plak meitsje foar oare piten. As it feest trochgiet fansels, want hieltyd mear organisaasjes sjogge de yntocht net sitten fanwegen it coronafirus.
Sinteklaas yn Dokkum © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
"Wy hiene foarich jier sirka 140 opdrachten en dêrfan wiene miskien seis 'roetveeg'-piten", leit Jilt Nicolai fan Sint Nicolaas Centrale Friesland út. Hy merkt dat it ûnderwerp bot libbet yn it Noarden en skat dat dy ferhâlding dit jier 60 persint swarte, 40 persint oare kleur piten wêze sil.
"Mar dat kin ek komme omdat we no echt 'roetveeg'-piten oanbiede. Dat diene we foarich jier ek wol, mar doe hawwe we it net promoate", leit Nicolai út. "Dit jier meitsje we der echt gjin big deal fan. As minsken 'roetveeg'-piten wolle, kin dat ek." Nicolai merkt net perfoarst in ferskil yn kar tusken it plattelân en de stêd. "It wurdt no gewoan mear maatskiplik akseptearre."

Minder opdrachten

It rint by de Sint Nicolaas Centrale Friesland noch net stoarm en se merke dat minsken tebekhâldend binne yn it oanfreegjen fan sinteklaasfeesten. "Wy hawwe ús klantemail de doar út en meast wurdt dêr wol binnen in wike reagearre, mar we krije no mails dat minsken sizze dat se in jier oerslaan."
De organisaasje besiket safolle mooglik coronaproof oplossings te finen foar de sinteklaasfeesten. Sa meie der by húsbesites fan Sinteklaas net mear as seis persoanen oanwêzich wêze. "We sille ek meardere Sinteklazen ynsette en tuskentiidsk fan moffen wikselje", seit Nicolai.
"Ek freegje we bedriuwen om yn shifts te wurkjen of mar ien âlder it bern oanwêzich wêze te litten." De meast coronaproof oplossing is dat de kado's ôflevere wurde en dat der in fideo mei in gedicht makke wurdt. "Dat is echt op ôfstân."

Kleur piten yn Dokkum ûnwis

Nicolai sit ek yn it bestjoer fan it sinteklaasfeest yn Dokkum. Dat giet neffens him yn elts gefal troch, mar hoe't dat der krekt útsjen sil yn coronatiid is noch net dúdlik. "We hawwe tiisdeitejûn wer oan de tekentafel sitten en we komme der sawiesa wol út." Ek oer de kleur fan de piten moat yn de stêd noch in beslút naam wurde. "De kleur fan de piten is sawiesa in beladen ûnderwerp, mar wy binne der yn Dokkum goed yn petear oer."
Jilt Nicolai fan Sint Nicolaas Centrale Friesland