Kollum: "Betizing"

09 sep 2020 - 08:27

"Ik bin yn betizing. Der waard fan 'e wike mear bekend oer it Wopke-Wiebesfûns. Dat is in fûns fan 20 miljard, dat neamd is nei twa politisy dy't my al yn betizing brocht hienen. Wopke Hoekstra, dé CDA-kandidaat, liet syn eigen partij yn de steek troch gjin listlûker wurde te wollen. En wy wurde oars altyd sá lokkich as dy lju fan Fryske komôf binne. No moat we it by it CDA dwaan mei ivige jaknikker Harry van der Molen. Wylst Wopke ús dochs troch de corona skuord hat, troch elke seurkont daliks jild te jaan.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Wiebes is noch betiizjender. Hy die earst finânsjes, waard oan de kant skood troch Wopke syn maat Omtzigt, om't de belestingen yn dit lân mear jild binnenhelje as de minsken ha. Wiebes giet no oer it gas, mar om't hy net mear yn Grinslân doart te kommen, hellet hy it hjir mar út de grûn. En seit: it Waad is moai, mar ik helje it sâlt der al út. No ja, Fryslân is dochs al fersakke.

It Groeifûns is dus jild fan Wopke, brûkt op de wize fan Wiebes. De Keamer jout it jild oan in ûnôfhinklik swikje minsken, en dy sizze do krijst al wat en do neat. Gjin politike diskusje. Normaal soe ik dêrfan hâlde, ik ha it mier oan dat se sa lang prate oer projekten dat se net iens mear nedich binne. Mar no?

Sjoch, Rutte hie it freed al oer grutte ynfrastrukturele projekten. Doe krige deputearre Avine Fokkens bykâns in orgasme. Rutte bedoelde echt grutte dingen fansels, mar Avine stoppe alfêst 5 miljard yn har Lelylineponkje. Wylst dat jild ek nedich is foar duorsumens en klimaat. Krije we no in ynvestearder dy't seit 'ik lis dat spoar fan Lelystêd nei Grins oan, jou my dy 5 miljard mar gau'. Ja, ho dan doch ik net mei.

As de Lelyline, wy neamden dat it Suderseespoar, al of net komt, kin my neat skele. Foar ús Súdwesthoekers dy't net nei Grins wolle, hoecht dat net. Mar as er der komt, poerbêst. Wat ik mis, is it totaalplaatsje, der is wol mear as nei de Ikea yn Grins gean. Want dy spoarline hat rails, stasjons, oergongen by wegen en wetter, koartsein romte nedich.

We moatte hjir bygelyks noch 5.400 fuotbalfjilden oan bosk plantsje om CO2 op te sûgjen. 3.600 bunder. Yn Gaasterlân en by De Fochtel binne al beammen sêd. Je kinne ek net fan Olterterp en de Sweach rjochting Drachten útwreidzje, want dan moatte al dy beammen wer kapt wurde as dêr in trein los moat.

We hawwe hjir en dêr sinnefjilden, de provinsje sil besjen wêr't dy komme kinne, mar op de wize fan Drylts binne we der bliid mei. We moatte noch in kwak wynmûnen kwyt. We wolle hjir in kûlizelânskip ha, mar dan leafst sûnder treinen, dy't dêr trochhinne flitse.

Der moatte hûzen by, want we wenje aanst allegear allinnich yn in hûs, likegoed mei in oprit foar twa auto's. We jouwe miljoenen út oan plak foar de skriezen, dan kinne je net mei in trein troch de ikkers fleane. En we moatte der fansels om tinke dat de wolven dy't hjir komme net oerriden wurde troch de trein.

We moatte folle mear fytspaden foar E-bikes ha. Kuierpaden ek, oars komme je net op de foto yn de Ljouwerter. En we moatte mear wetter kwyt kinne. Romte.

Avine sei noch foardat se de 5 miljard rûkt hie, dat de gemeenten romte hâlde moatte foar de trein. Lokkich, dan komt dêr miskien dochs in politike ôfwaging. Trouwens, as se aanst dat hiele Groeifûns yn de ferkiezings ha, dan meitsje se de projekten dochs wol bekend. Inkeld dan duorret alles wol wer ferrekte lang.

Gearfetsjend, ik wol graach it hiele plaatsje ynklusyf trein goed beprate. As Wopke en Wiebes dy trein sels regelje sille, dan moatte wy ús dus de bek hâlde. Mar as se dy miljarden wol dellizze, dan binne we fierder as we ea west ha. Oan de oare kant seit VNO/NCW-Noordfoarsitter Sieger Dijkstra dat sa'n treintsje moai is, mar dat we dat jild hjir ek foar oare dingen nedich ha, lykas kennisekonomy en wetterstof.

Begripe jim no dat ik yn betizing bin? Jimme wierskynlik ek."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)