UPDATE: Balkster frou (84) komt om it libben by ûngelok yn Balk

By in iensidich auto-ûngelok op de Wikelerdyk yn Balk is tiisdeitejûn in frou fan 84 jier út datselde plak om it libben kaam.
© CAMJO media
It ûngelok barde om 23.30 oere hinne, meldt de plysje. De frou wie de iennichste ynsitter fan de auto. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok en it ferstjerren fan de frou.