Minister Schouten wol dongôffier oanpakke: LTO noch net entûsjast

08 sep 2020 - 21:38

Minister Carola Schouten fynt dat der eins mar twa wizen oerbliuwe moatte as it giet om it ferwurkjen fan dong. Ien: de dong op eigen grûn of op lân yn de buert útride. Of foar yntinsive bedriuwen: de dong moat nei in dongferwurker. De lânbouminister wol it dongbelied oanpakke om de regeldruk, fraudegefoeligens en de druk op it miljeu oan te pakken, sa skriuwt sy yn in brief oan de Twadde Keamer.

Foto: ANP

Schouten wol dúdlik mear ynsette op kringlooplânbou: dong soe ommers it leafst op 'e nij brûkt wurde moatte yn it eigen gebiet fan de boer. En oars kinne der ôfspraken makke wurde mei boeren yn de omkriten. Yntinsive bedriuwen moatte dus dong ôffiere, sa't it ek rap út de stâlen ferdwynt en der minder útstjit fan stikstof is.

Neffens de lânbouminister is it dongbelied op dit stuit fergees yngewikkeld. Sy wol mei in nij belied ek it oerskot oan dong oanpakke en de wetterkwaliteit ferbetterje. Yn gebieten dêr't de wetterkwaliteit te min bliuwt, kin de minister yngripe. Sy kin ek de teelt fan bepaalde gewaaksen beheine.

LTO

Lânbou-organisaasje LTO Nederland is yn in earste reaksje lykwols noch net wiis mei de fisy fan de minister. Neffens LTO mist de eigen ferantwurdlikens fan de sektor. It soe allinne mar mear regels en burokrasy opsmite. De organisaasje seit sels ek oplossingen oandroegen te hawwen, mar dy net werom te sjen yn de brief.

Harm Wiegersma fan Nederlandse Melkveehouders Vakbond

(advertinsje)
(advertinsje)