Gemeente Harns skeakelet boargers yn by sykjen nije boargemaster

08 sep 2020 - 21:02

Gemeente Harns is úteinset mei it sykjen nei in nije boargemaster. Op in spesjale webside kinne ynwenners, ûndernimmers en oar belangstellenden oanjaan watfoar boargemaster sy it leafst foar de gemeente sjogge.

It gemeentehûs fan Harns - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In ûnôfhinklik buro hat it behear oer de webside Harlingenspreekt. Dêr kin meidien wurde oan it ûndersyk. It buro ferwurket de resultaten sa't dêrmei in profylskets opsteld wurde kin.

Boargemaster Roel Sluiter hat yn july bekendmakke dat hy fan maaie 2021 ôf ophâldt as boargemaster. Om't it faak in skoft duorret foar't der in nije boargemaster fûn en beëdige wurde kin, set de gemeente no al útein mei de syktocht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)