Fjouwer moannen sel easke tsjin twa manlju foar oerfal yn Lippenhuzen
Tsjin twa manlju fan Amersfoort fan 21 en 23 jier is tiisdei fjouwer moannen sel en tolve moannen ûnder betingsten easke. It twatal is ferantwurdlik foar in oerfal op in wente yn Lippenhuzen op 25 septimber 2019, oan it Rjochtskeamerpaed. Dêrby binne gouden ringen meinaam en by de oerfal is ek geweld brûkt.
De twa manlju hiene reagearre op in advertinsje op Marktplaats en namen by de wente in kistke mei 40 gouden ringen mei. In bewenster hat besocht se tsjin te hâlden, doe krige de frou in earmtakke yn it gesicht. Dêrnei binne de twa útnaaid. Der is dus ek geweld brûkt by de oerfal en it slachtoffer hat profesjonele help sykje moatten nei de tiid.
De twa manlju fan Amersfoort hawwe al fjouwer moannen fêstsitten. Dus as de rjochtbank de eask folget, hoege sy yn prinsipe net werom nei de finzenis. Op 22 septimber folget in útspraak.