Fertochten fan himpteelt by Haskerdiken, Drachten en Burgum oanholden

08 sep 2020 - 19:52

De plysje hat twa fertochten oanholden dy't wat te krijen hawwe mei himpteelt. It giet om in 56-jierrige man fan de gemeente Hearrenfean dy't moandei oan it Konvintpaad yn Haskerdiken oppakt is. Njonken him is der yn Drachten in 56-jierrige frou oanholden. Yn dat plak is oan de Hagewyk in âlde himpkwekerij fûn. Yn Burgum is fierder in 45-jierrige man meinaam foar ferhoar om't der oan de Langeleane in romte fûn is dy't ek wat mei de teelt mei te krijen hat.

Foto: Shutterstock.com (New Africa)

Mooglik waard de keamer yn de wente yn Burgum brûkt as himpdrûgerij en -knipperij. Al it guod dat der stie is ferneatige, Dat jildt ek foar de kwekerij yn Drachten.

Guod yn beslach nommen

Yn Haskerdiken binne in auto, motor, boat en in bedrach oan kontakt jild yn beslach nommen. De plysje hat it fermoeden dat dizzen mei de winst fan de himpteelt betelle binne. De plysje slút mear oanhâldingen yn dizze saak net út.

(Advertinsje)
(Advertinsje)