Beitske Visser docht mei oan de 24 oeren fan Le Mans

08 sep 2020 - 18:57

Autokoereur Beitske Visser fan Twellingea docht oer oardel wike mei oan de 24 oeren fan Le Mans. Se hat mei twa oare froulike koereurs in plak krigen yn it team fan it Frânske Richard Mille Racing. Visser die ferline jier mei oan de W Series, in nije raceklasse foar froulju. Se einige doe as twadde.

Beitske Visser - Foto: BMW Motorsport

Dit seizoen waard de W series skrast, fanwege de coronakrisis. De ôfrûne wiken die Visser al ûnderfining op mei it lange ôfstâns racen, yn de Europeeske Le Mans Series. No docht se dus mei oan de 24 oeren fan Le Mans. "Het is super vet, ik denk dat het een race is die bij bijna alle coureurs wel op de 'bucket list' staat. Dus ik ben blij dat ik 'm mag rijden. Eén van de coureurs had haar been gebroken, vandaar dat ik ook al de afgelopen twee wedstrijden mocht rijden. Zij is nog niet hersteld, dus daarom rijd ik ook Le Mans. Ik ga met een LMP2-auto rijden."

Hooplik takom jier méi publyk

Le Mans is dit jier sûnder publyk. Normaal komme der 250.000 minsken op ôf. "Het is wel jammer nu, normaal is het een groot evenement met veel mensen. Dus hopelijk kan ik volgend jaar weer terugkomen als er wel weer veel publiek kan zijn," seit Visser.

By Richard Mille Racing leart sy in soad, seit Visser. "Het is een Frans team met al veel ervaring in dit soort races. Dat helpt mij wel om dit in korte tijd goed voor te bereiden. Ik ken de auto nog niet echt. Omdat ik eigenlijk inval is er daar nog veel voor mij te leren. Maar de afgelopen races gingen goed."

Autokoereur Beitske Visser

(Advertinsje)
(Advertinsje)