Betinking Slach by Warns giet net troch lykas it oars gie: mooglik alternativen
De betinking fan de Slach by Warns giet dit jier net troch fanwegen de coronamaatregels. De betinking op it Reaklif hie dit jier foar de 75e kear west, mar de organisaasje hat besletten it oergean te litten. Der wurdt noch neitocht oer in digitale ynfolling.
De betinking hie op sneon 26 septimber heve sillen, op de dei ôf 675 jier nei de slach by Warns. Graaf Willem IV fan Hollân besocht doe Fryslân yn te nimmen, mar kaam by Warns de Fryske striders tsjin. De graaf oerlibbe dat treffen net.
Alder publyk
Der binne ferskate redenen wêrom't de jierlikse betinking dit jier net trochgiet, seit Tom Dijkstra, foarsitter fan de stichting Slach by Warns. Op de betinking komt oer it algemien in wat âlder publyk ôf. Dat sil fanwege de coronadriging mooglik thúsbliuwe. Der spilet ek altyd in korps op it Reaklif en dat wurdt wat dreech as se oardel meter útinoar sitte moatte.
Betinkingsdei Ried Fryske Beweging giet ek net troch
Boppedat soene se mei de 75e betinking grut útpakke. De Ried fan de Fryske Beweging soe in spesjale dei hâlde dêr't de betinking om 13:45 oere op it Reaklif in ûnderdiel fan wêze soe. "Dy spesjale dei giet net troch, en om net in grutte ôfdijer te krijen, tochten we: dan moat it dit jier mar oergean."
Mooglik digitaal
It bestjoer fan de stichting Slach by Warns sil op sneon 26 septimber wol op it Reaklif by de stien mei it opskrift 'Leaver dea as slaaf' stean mei de Fryske flagge yn top. Ek foar it gefal besikers dy't fan neat witte, dochs komme. Mooglik sil wat fan de Warnsbetinking noch digitaal te sjen wêze. Wat en hoe is noch net bekend.