Fokus by oername NDC is redaksjonele selsstannigens fan de kranten

08 sep 2020 - 16:55

Fakbûnen reagearje yn earste oanset posityf op it nijs dat NDC Mediagroep, útjouwer fan ûnder oare Leeuwarder Courant, Friesch Dagblad en Dagblad van het Noorden, sa goed as wis oernaam wurdt troch it Belgyske mediabedriuw Mediahuis. "Wij hopen dat deze stap na alle reorganisaties eindelijk eens wat stabiliteit brengt en zekerheid over de werkgelegenheid," seit Hans Robijn fan it fakbûn FNV.

Foto: Omrop Fryslân

Der leit op dit stuit in sosjaal ramtwurk dêr't al earder oer ûnderhannele is mei de direksje fan NDC. Ferskate wurknimmers fan NDC hawwe op basis fan dizze regeling it bedriuw ferlitten. Mar dit sosjale ramtwurk rint op 1 jannewaris ôf. Robijn: "Wat daarna gebeurt moeten we met de directie fan Mediahuis bespreken."

Ek it kontrakt oer redaksjonele gearwurking mei DPG media (foarhinne de Persgroep) dy't fia it Algemeen Dagblad in soad kopij leveret oan de NDC-blêden rint op 1 jannewaris ôf. "Het is dus een logisch scenario dat de overname op 1 januari effectief wordt," seit Robijn. Hy ferwachtet dat tsjinsten as ferkeap en administraasje mear effisjint makke wurde sille. "Dat zal voor het grootste deel naar Amsterdam verhuizen, vermoed ik. Ik denk dat de redacties wel hier blijven. Maar hoe precies moeten we afwachten."

60+ wurknimmers

Grut-oandielhâlder fan de NDC, FB Oranjewoud (mei 87 persint fan de oandielen) soe 4 miljoen euro frij makke hawwe foar wurknimmers boppe de 60 jier dy't it bedriuw ferlitte wolle. De fakbûn befêstiget dit. "Dat is mooi natuurlijk. Maar het mag niet zo zijn dat deze mensen straks als zzp'er het bedrijf weer binnen komen," seit Robijn.

Unôfhinlikens fan fûneminteel belang

Foar Vereniging Het Friesch Dagblad, eigener fan de titel fan dizze krante, is redaksjonele ûnôfhinklikens fanwege de kristlike sinjatuer de grutste soarch. Offisjeel wol de feriening net op de oername reagearje. Mar ien fan de bestjoersleden lit wol witte dat in ûnôfhinklike redaksje en eigen belied oer de ynhâld fan fûneminteel belang binne. Dêr hearre de betelle advertinsjes by.

It gebou fan it Friesch Dagblad yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

Ek foar Leeuwarder Courant en Dagblad van het Noorden is redaksjonele ûnôfhinklikens tige wichtich. De lieding fan it bedriuw en de haadredaksjes sizze hjir mei de ûnderhannelingen neat oer. Ald-haadredakteur fan de LC, Rimmer Mulder, toant him optimistysk oer de romte dy't Mediahuis oan redaksjes jout. "Mediahuis is in goed bedriuw dat dúdlik each hat foar de sjoernalistike kant," seit hy moandei by Omrop Fryslân.

Hoefolle romte is der foar de redaksjes?

Fraach is wol hoefolle romte oft der beskikber is foar de redaksjes. It weromrinnende tal abonnees en de leechrinnende advertinsjemerk binne de grutte soarchpunten by NDC. Krekte sifers binne der net oer bekend. Mar dit diel fan NDC soarge foar it ferlies fan mear as 4,5 miljoen Euro yn 2018. Nijere sifers binne noch net bekend. Mar ek 2019 hat ferliesjaand west.

En dit jier komme dêr de soargen oer it coronafirus en de dêrmei fierder weromrinnende advertinsjemerk der nochris by. Lit dat romte foar sjoernalisten fan de trije kranten om mei eigen sjoernalisten de sport te folgjen of de polityk? Deputearre Sietske Poepjes hopet fan wol. Sy fynt pluriformiteit fan de media yn ús provinsje fan grut belang, sei se tiisdei. De provinsje is yn 't foar oer de oername ynformearre en hat begrepen dat Mediahuis de selsstannige krantetitels oerein hâlde wol. "It giet ús om de eigen klankkleur fan de Fryske deiblêden. Fryslân is no goed foarsjoen mei twa kranten en in eigen omrop. Ik hoopje dat dat sa bliuwt."

Harkje nei de reaksje fan deputearre Sietske Poepjes

Druk en distribúsje

De tsien jier lyn fernijde drukkerij docht it goed en draacht foar ferskate miljoenen posityf by oan it bedriuwsresultaat, seit in belutsene. Datselde jildt foar it transport en distribúsje fan alle kranten. NDC bringt net allinnich de eigen kranten rûn mar soarget ek foar de besoarging fan alle kranten fan it Mediahuis en de Persgroep lykas De Telegraaf, NRC, Trouw, De Volkskrant en Algemeen Dagblad. Oan it besoargjen fan dizze eksterne kranten wurdt goed fertsjinne.

De ferwachting is dat der oan de beide lêste bedriuwsûnderdielen net in soad feroarje sil, seit Hans Robijn. De fokus sil lizze op de aktiviteiten fan en om it krantebedriuw. Dat wurdt noch hiel spannend.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer

(Advertinsje)
(Advertinsje)