FIDEO: Tour d'Hollande op dialyzefyts by it MCL

08 sep 2020 - 16:19

Fytse as je mei in nierdialyze dwaande binne: it wurdt hieltyd mear gewoan yn sikehûs MCL yn Ljouwert. Dêr hawwe se sûnt tiisdei twa spesjale dialyzefytsen stean. Mei it spielen fan de nieren bliuwe je op dy wize yn beweging. Guon pasjinten dy't lêst hawwe fan ûnrêstige skonken hawwe der ferlet fan. Ek kin it fytsen foarkomme dat je kramp krije. Pasjinten kinne kieze tusken 500 ferskate rûten.

(advertinsje)
(advertinsje)