Fertochte stekpartij Mûnein makke yn finzenis noch in slachtoffer

08 sep 2020 - 15:47

De 27-jierrige fertochte dy't op 6 juny yn in wente oan de Mounewei yn Mûnein twa persoanen stutsen hat, hat ein augustus yn de finzenis yn Zwolle in oare finzene mei in ôfslipe pinne yn de holle stutsen. Dêrfoar hat de man yn Vught yn de finzenis sitten, dêr't er besocht himsels fan it libben te berôvjen. Dat waard tiisdei bekend op in pro-formabehanneling fan de saak.

Foto: De Vries Media

De slachtoffers yn Mûnein wiene in 44-jierrige ynwenner fan Almere en in persoan fan 38 jier âld. De fertochte begûn fuortendaalks mei it stekken fan de bewenner doe't er it hûs binnen kaam. De man hat 36 stek- en snijwûnen oprûn yn holle, nekke, hals, rêch, earmen en skonken. It slagge de man wol om fuort te kommen, syn freondin wie út it raam sprongen. By it oare slachtoffer wie sprake fan 65 snij- en stekwûnen, dizze persoan kaam om it libben. De Almeerder wie in freon fan de bewenner dy't in pear dagen op besite wie.

Isolaasje

It hâlden en dragen fan de kliïnt yn de finzenis is neffens syn advokaat te witen oan eangstproblemen nei it barren yn Mûnein. De fertochte sit no wer yn Vught, yn isolaasje. Foar de sitting wie der fideokontakt mei him. De advokaat woe dat de fertochte opnommen wurde kin yn in reguliere klinyk foar in behanneling, mar dêr gie de rjochtbank net yn mei om't der earst in psychologysk ûndersyk folgje moat. Dat kin ek betsjutte dat der tbs easke wurde kin.

De folgjende pro-formasitting stiet foar 10 novimber op de planning.

Trefwurden: 
stekpartij Mûnein Mounewei
(advertinsje)
(advertinsje)