Keamerlid Van der Molen: "Dieders bedrigings politisy stranger straffe"

Twadde Keamerlid Harry van der Molen fynt dat minsken dy't politisy en boargemasters bedriigje, stranger straft wurde moatte. "It is in oanfal op de demokrasy. In politikus moat sizze kinne wat er sizze wol. Geweld is de grins, jo komme net oan de man."
Harry van der Molen © Omrop Fryslân
Nei plysjes, boa's en helpferlieners krije ek politisy lykas Twadde Keamerleden hieltyd faker te meitsjen mei bedrigings. Dy wurde ek hieltyd grimmitiger.
It oerkaam koartlyn noch CDA-Twadde Keamerlid Pieter Omtzigt op strjitte yn Den Haag. Dêr is yntusken in fertochte foar oanhâlden, dy't foarkomme moat foar de rjochter.
Foar Keamerleden wurdt it yn dizze situaasje hieltyd dreger om it wurk goed te dwaan, en dêrom moat der wat barre, fynt ek it Fryske CDA-Twadde Keamerlid Harry van der Molen.

Telefoantsje thús

Van der Molen hat it sels net direkt meimakke, mar syn omjouwing wol. "Der hat wolris ien west dy't nei in telefyzjeútstjoering nei myn hûs belle, Ik wie der net, mar myn frou wol. Dat komt dan hiel raar oer."
Neffens Van der Molen bart it wol faker. "Wy witte allegearre noch fan dy boargemasters dy't ûnderdûke moasten." Van der Molen is it wol wend dat minsken it net mei him iens binne, mar as minsken op strjitte op him ôf fleane, agressyf binne en alles ek noch filmje, "dan fiele jo jo oantaast. It komt hurd oan, as it om je liif en je libben giet."

Net oan de grutte klok hingje

"Wy krije it advys om it net oan de grutte klok te hingjen as soks bart, As de plysje derby belutsen is, moat dat soms ek yn alle rêst kinne. Wy hawwe it der mei-inoar wol oer. It sil net altyd lykas by Wilders ta befeiliging liede. Ik krij ek wolris mails mei ferwinskingen. Dan is it saak om dat sagau mooglik troch te jaan, sadat der ek wat mei dien wurdt."
Us maatskippij ferhurdet. Geweld is de grins, In politikus moat sizze kinne wat wer sizze wol.
Harry van der Molen, CDA-Keamerlid
Van der Molen tinkt dat de politisy wol de strjitte op kinne yn ferkiezingstiid. Foar it feit dat minsken dy't de demokrasy stal jouwe, harren de mûle hâlde moatte, kinst net omlizzen gean, fynt er.

Training

Keamerleden yn de CDA-fraksje wurde traind op hoe om te gean mei minsken dy't lilk of agressyf binne. "Dat soks moat, is al raar. Us mienskip ferhurdet. As de brânwacht earne komt, krije se ek dingen nei de holle slingere. Dat is net normaal."

Oanfal op de demokrasy

"Dêr sille wy mei ús allen tsjin opkomme moatte. Ik tink dat der stranger straft wurde moat. "It is net allinnich in bedriging fan in politikus as persoan dy't in miening hat dy'tst net sitten sjochts. Mar ek ast do besykje wolst in boargemaster te beletten tsjin dy op de treden of in Keamerlid te beletten in miening te uterjen, dan is dat in oanfal op de demokrasy."

"Kom net oan de man"

Politisy kinne sels ek wol wat dwaan, tinkt Van der Molen, bygelyks dingen better útlizze. "Mar de grins is geweld. Ik haw ek kollega's dy't de meast gekke dingen roppe. De Groot fan D66 ropt dat de helte fan de feesteapel fuort moat. Dat fyn ik ek ûnsin. Mar jo moatte net oan dy man komme. Dat is de grins. In politikus moat sizze kinne wat er sizze wol."
Harry van der Molen oer bedrigings Keamerleden