GGD: ôfrûne wike 22 Friezen posityf test op coronafirus

08 sep 2020 - 14:13

Der binne sûnt freed 22 Friezen posityf test op it coronafirus, dat hat GGD Fryslân bekend makke. Der binne ôfrûne wike gjin nije coronapasjinten opnaam yn it sikehûs of ferstoarn.

De testlokaasje fan de GGD Fryslân yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Yn totaal hat de GGD sûnt de útbraak fan it coronafirus 32.635 Friezen test op it firus en 854 dêrfan wiene posityf. It totale oantal eardere sikehûsopnamen bliuwt stean op 131 en it oantal coronastjergefallen op 69.

Lanlik

Lanlik sjoen binne der ôfrûne wike 5.427 nije persoanen meld dy't posityf test binne op it coronafirus, meldt it RIVM. Dat binne 1.830 meldingen mear as de wike dêrfoar.

Der lizze op dit stuit 43 coronapasjinten yn de Nederlânske sikehûzen, 14 minder as de wike derfoar. Dizze wike binne der 17 laboratoarium-befêstige coronapasjinten ferstoarn, sân minder as de wike derfoar.

Yn de ôfrûne wike hawwe 180.182 Nederlanners har teste litten, de wike dêrfoar wiene dat der noch 163.572. It reproduksjegetal is omheech gien en leit op 1,17. Dat betsjut dat 100 minsken dy't besmet binne mei elkoar 117 oaren besmette.

Sjoch foar de aktuele stân fan it oantal besmettingen yn Fryslân en per gemeente op www.omropfryslan.nl/corona, of yn de omropapp. De sifers wurde twa kear yn 'e wike aktualisearre. Op dizze side is ek in oersjoch te finen fan al it nijs oer de coronakrisis yn Fryslân.

Trefwurden: 
GGD Fryslân RIVM coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)