Trije jier sel easke tsjin heit dy't soan besocht te stekken mei mes

In 49-jierrige ynwenner fan Ljouwert hearde tiisdei trije jier sel tsjin him easkjen. Op 3 desimber foarich jier soe de man yn in wente oan de Hegedyk yn Langsweagen syn soan oanfallen hawwe mei in mes.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De offisier fan justysje sjocht de oanfal mei it mes as it besykjen ta moard. De fertochte, dy't doe noch op It Hearrenfean wenne, soe poerlilk west ha om't syn soan wegere him jild te lienen. Earder dy jûn soe de jongste soan syn heit ek al jild liend hawwe. De man soe gokferslave wêze en syn soannen út it kasino wei belle hawwe.
De heit hie de âldste soan fia de telefoan mei de dea bedrige. Doe't er by de wente yn Langsweagen oankaam, soe de heit syn soan mei in mes oanfallen hawwe. Yn de skermutseling dy't folge, rekke de soan ferwûne oan syn ûnderearm en waard in pees yn syn hân trochsnien.

Kontakt- en lokaasjeferbod

Neffens de fertochte hawwe syn twa soannen en syn eks-frou harren ferhalen op inoar ôfstimd. Utsein de trije jier sel easke de offisier in kontaktferbod foar de âldste soan en in lokaasjeferbod foar de wente yn Langsweagen. Foar eltse oertrêding fan ien fan dy ferbodden soe de fertochte twa wiken de sel yn moatte, mei in maksimum fan seis moannen.
De Ljouwerter rjochtbank docht op 22 septimber útspraak.