Wer mear folk yn bus en trein, mar noch lang net op nivo fan foar de coronatiid

Bussen en treinen fan Arriva reitsje stadichoan wer wat foller. Meast skoalbern en studinten sitte no yn it iepenbier ferfier. Troch it thúswurkjen komme wurknimmers net. De feilichheidsskermen yn de bussen komme pas oer in pear moanne.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Arriva fernimt in lichte taname yn it tal passazjiers yn bus en trein, seit Tineke Witteveen. De ferfierders rint dêrmei lykop mei de sifers fan de NS. "Yn it begjin fan de coronatiid hiene wy 90% minder reizgers en fan 't simmer de helte minder. No fernimme wy dat de bussen en treinen wer wat foller wurde. Mar is is noch te betiid om oer sifers te praten."

Net allegearre tagelyk

Arriva is yn oerlis mei de Provinsje Fryslân en de skoallen om de sprieding oer de dei safolle mooglik oan te hâlden. As der tefolle reizgers op bepaalde mominten komme, kin der bystjoerd wurde.

Finansjele skea

Studinten en skoallearlingen gean no wol mei it iepenbier ferfier, wurknimmers wurkje noch manmachtich thús. Arriva rint dêrtroch ynkomsten mis. Hoefolle oft dat krekt is, kin Witteveen noch gjin útspraken oer dwaan.

Skermen en bodycams

De ferfiersmaatskippij is dwaande yn alle bussen ûntspegele feiligensglêzen op te hingjen. Se binne begûn yn it easten fan it lân. De bussen yn Fryslân krije de skermen net earder as oer in pear moanne.
Passazjier moatte achter yn de bus ynstappe foar de feilichheid. Dat wurket swartriden yn de hân. Nei eardere geweldsynsidinten wurkje kontroleurs en hânhaveners sûnt moandei mei bodycams op it liif.